Clubnieuws
De skiednis fan VvV Sjirk de Wal is op oarder
Fjouwer jier lang binne se eltse moanne byelkoar kommen, om de skiednis fan VvV Sjirk de Wal op oarder te krijen, om dernei mei it nedige húswurk wer oan de slach te gean.
De Argyfkommisje. Jan van der Ploeg, Lute Pen en Jurjen Kuurstra. Alle dokumenten dy’t op’e solder fan it Bûtshûs leinen, binne besjoen, scand en opslein yn de brânkasten yn it MFA, om it foar de takomst seker te stellen.
Op de externe hurdeskiif binne alle foto’s, útslagen, listen en oare waardefolle saken opslein. Op oanfraach is dat allegearre te besjen.
Om it einde fan it wurk oan te jaan, wie juster de symboalyske oerdracht fan it argyf oan de Foarsitter fan Sjirk de Wal. De trije mannen binne yn’e blommen set foar hun “Monnikenwerk”
Mochten jim thús of by heit en mem noch spul oer it keatsen yn Dronryp hawwe, wolle de mannen der graach mei jim nei sjen. Foaral saken fan foar 1980 binne der net folle


