Jier 2026

Bêste Leden en donateurs fan VvV Sjirk de Wal.

Graach wolle we jimme in sûn en lokkich 2026 tawinskje en hoopje jim op de keatsfjilden te moetsjen yn it nije jier.

We hoopje jim ek earder al tsjin te kommen op in oar plak.

Op Snein 15 maart ha we in superleuke aktiviteit pland!! Hâld de datum frij! Ynkoarten sil der mear oer bekend wurde, hâld de socials yn de gaten.

Op Moandeitejûn 9 maart is der in spulrigeljûn yn it Parochiehûs. Yn gearwurking mei de KNKB sil der op dy jûn djipper yngien wurde op spulrigels fan it keatsen troch in KNKB skiedsrjochter. Geskikt foar keurmeesters, spilers. âlders en oare leafhawwers.

Ek hjir komme neiere berjochten oer.

Mei groetnis, it bestjoer fan VvV Sjirk de Wal

NIEUWS & UITSLAGEN

TWEETS VAN @SJIRKDEWAL

Volg
ons
online!